De Alde Maaie is de oantsjutting fan 12 maaie as dei dêr’t kontrakten en houliken op sletten waarden.It jier rûn yn it noardwesten fan Jeropa yn âlde tiiden fan 1 maaie oant 30 april.
Dat woe net allinnich sizze dat op 1 maaie it nije jier, it maaiefeest, fierd waard,
mar in langrinnend ferbân, lykas in houlik of wurk by in baas,
begûn ek mei it begjin fan it nije jier.
No wie it op it ein fan de 17e ieu al lang net mear sa dat it kalinderjier op 1 maaie begûn,
mar de feinten wurke noch hieltiid oant 1 maaie by de baas,
of oant “de Maaie” sa’t men sei.
It hie nea in probleem wêst om dat te litten sa’t it altyd wêst hie,
mar it koe ek net oars om’t in kontrakt, en it ôfprate jierlean, altyd foar in hiel jier wie.
En hie men al de ienigste wêst dy’t it oars dien hie,
dan hie men nei ôfrin fan it kontrakt gjin oare baas of oare feint fine kinnen.
Doe de Gregoriaanske kalinder yn Fryslân ynfierd waard, oan it begjin fan 1701,
wie it net oars. Der wie dan al in datum “1 maaie”, nei 354 dagen,
mar dêrmei wie it jierkontrakt fansels net ôfrun.
Dat rûn troch oant 365 dagen, oant de âlde “1 maaie”, al hjitte dy no “12 maaie”.
Dat der kaam in ferskil tusken de feestdei,
dy’t al ferskowe koe en dus op de “Nije Maaie” fierd waard,
en de fêste kontraktdei, dy mei “Alde Maaie” wie.
It hat noch oant yn de 20e ieu usânse wêst
dat in feint op de Alde Maaie by de baas te wurkjen kaam.
It is ek net sa dat doe dy datum feroare is,
mar feroarings yn de wurkkultuer hawwe in ein makke oan it jierfeint-stelsel.

Mar wa hat der ferlet fan in oare baan …
ast dit moais samar ûnderweis oanbean krigest?!
(gewoan, om’t je op freedtemiddei mei de auto nei de garaazje
yn St.Jut moatte en dat kin ek binnentroch)
Goed, je wurde der net foar betelle,
om even oan’e Tsjûkemar yn it hege gers tusken it piipkrûd sitten te gean,
mar f**g*my, it is al 2 wiken simmerwaar,
en ik ha noch hieltiid de skiere kleur fan sûpenbrij,
kin my mei goed fatsoen echt net yn’e koarte broek fertoane…
En eins soe ik jûn wèr fuort moatten ha, mar dat gie – gelokkich – net troch…
Dus nei it waarm miel gau even de tekken op it gers dellein,
en de alderlêste sinnestrieltsjes op myn kûten en skouders fielt….
a a a a h, w a t n o f l i k!

In goed boek derby – dêr wie ik ek wol wer ris oan ta.
“Elske din datter“, dat klinkt yntrigearjend…
PS fan sneintemoarn = memmedei = ferplicht “útsliepe” foar de kofje-op-bêd
Mar it boek is út, en > ja mem: it wie yndie in oanrieder!

